Nieuwbouwwoningen speciaal voor jonge Friezen

Met nieuwbouwwoningen speciaal voor jonge inwoners en Friezen ‘om utens’ wil de FNP de dorpen leefbaar houden. Trekken ze geen muur op voor anderen?

Met vijf punten zet de Fryske Nasjonale Partij (FNP) het woondebat in de provincie op scherp. Het frustreert de partij dat Friese gemeenten achteroverleunen in het bouwen van huizen en het ontwikkelen van bouwgrond. In hun ‘oanfalsplan wenjen’ zet de partij de gemeenten in de regisserende rol: zíj moeten nu huisvestingsplannen gaan maken, anders loopt Friesland leeg.

Politiek leider en fractievoorzitter in Provinciale Staten Sijbe Knol en raadslid Aant-Jelle Soepboer van Noardeast-Fryslân ontvouwden gisteren op het Provinsjehûs hun plannen.

Waarom nu dit aanvalsplan?

Sijbe Knol: ,,De jongerein komt der net mear tusken. Se wenje noch thús, lûke út ’e doarpen, wenje yn garaazjes. Se kinne gjin kant mear út. De tiid fan roppe en raze is foarby. Der moat no boud wurde.’’

Wat willen jullie?

Knol: ,,Dat gemeenten stik foar stik mei harren eigen húsfestingsferoardening komme. Wêryn beskreaun stiet hoe’t se de doarpen leefber hâlde, huzen bouwe foar de jongeren en harren foar it doarp behâlde.’’

Alleen voor jongeren?

Aant-Jelle Soepboer: ,,No regearret it grutte jild. Je moatte djip ta de bûse om in hûs te keapjen, it is allinne foar de minsken mei jild, dat binne net altiten ús jongeren.’’

Knol: ,,Do meist op in bepaalde proporsjonele manier bêst wol dy sympaty toane mei de jongerein en de starters. We sizze ek net dat der gjin wenning mear oan in oar ferkocht wurde mei, mar ús waarme hert leit by ús jongeren.’’

Soepboer: ,,Dêr knypt it, der is de urginsje it heechst.’’

Jullie schrijven: we geven inwoners en Friezen om utens voorrang. Jullie gaan bepalen wie waar mag wonen. Dat is gevaarlijk om te zeggen.

Knol: ,,Dit frame sille we faker om ’e earren krije, mar de fraach is oft it terjochte is.’’

Soepboer: ,,We sizze net eigen ynwenners, it giet ús om minsken dy’t in sosjaal-ekonomyske bining mei it gebiet ha. Op in bepaalde manier kinst ferantwurdzje datst dy foarrang joust. Oarst jeist se fuort. Je kinne bygelyks ek sizze: eltsenien dy’t studearjen giet bûten de provinsje en nei in oantal jier wer weromkomt, der ha we in plakje foar. No bliuwe se fuort en binne we se kwyt oan ’e stêd of búten de provinsje.’’

Dat zie je nu in Hindeloopen, zoals de Leeuwarder Courant zaterdag meldde. Jongeren die daar geen woning vinden, trekken weg uit het stadje en daarmee verdwijnt ook de cultuur.

Knol: ,,Mar at wy dit hurdop sizze, dat we harren wolle behâlde foar doarp of stêd, dan binne we ing, trekken we minsken foar. Mar it is sa, en wy binne der as folksfertsjintwurdigers ek foar om dat te agendearjen. Wy wolle de diskusje oangean.’’

Soepboer: ,,We stekke no in hân út.’’

Nu hoor je van de provincie dat gemeenten alle vrijheid hebben om te bouwen, gemeenten zeggen juist dat ze door de provincie beperkt worden in hun woonplannen. Waar ligt nu de bal?

Knol: ,,By de gemeenten. Mar dêr libbet ûnwittendheid. Dy tinke allegear dat de plannen fan it Provinsjehûs komme moatte. Mar se kinne hjoed oan ’e bak, der is romte foar 10.000 wenten. Mar se dogge it gewoan net.’’

Voor woningen zorgen is één, maar hoe zorg je voor betaalbare woningen?

Knol: ,,Wy yntrodusearje it ‘Frysk Startersmodel’, dêryn stiet beskreaun dat de gemeenten eigner bliuwe fan ’e grûn. It model wurket mei in oerheids-bv dy’t de grûn dêr’t de wenning op stiet yn erfpacht hâldt, en dy’t der fia in privaatrjochtolike oerienkomst en in gemeenteferoardening foar soarget dat in keaper dy’t in bining mei de gemeente hat foarrang krijt.’’

Een moderne erfpacht, zoals oud-politicus Hayo Apotheker laatste deelde in de Leeuwarder Courant.

Knol: ,,Hy wie ús moai foar.’’

Soepboer: ,,Mar op dizze manier soargje wy foar dat de keaper foar in geunstige priis in hûs keapje kin en it giet tsjin dat dyselde keaper it hús in pear jier letter mei grutte winst ferkeapet. It hûs giet op dizze manier net ferlern foar de doelgroep.’’

Jullie gaan in tegen het Deltaplan voor het Noorden, een huizenplan in ruil voor de Lelylijn. Dat wordt ondersteund door jullie eigen college van Gedeputeerde Staten.

Soepboer: ,,Welk Deltaplan?’’

Knol: ,,It hinget hjir wat yn ’e keamertjes.’’

Soepboer: ,,Ik hear dêr net ien mear oer. It is in bestjoerlike lobby dy’t net fierder komt. We ha no aksje nedich.’’

Knol: ,,Mei helbere plannen. Mei plannen dy’t út te fieren binne. Wêr’t je fuortendaliks mei út de fuotten kinne. It Deltaplan is in kolleezje-ferantwurdlikens, dit is ús ferantwurdlikens. Wy jouwe ús eigen lûd.’’

Hoe moet dit plan z’n beslag krijgen? De FNP wil dit, maar dan is het nog geen beleid.

Knol: ,,Dit jouwe wy oan eltsenien ta kundskip. En ús fraksjes yn de ferskate gemeenten geane hjir mei oan ’e slach. We moatte no gemeenten en oare partijen ree krije.’’

Soepboer: ,,Dit moatte we no oanpakke. Net wachtsje oan’t de gemeenterieferkiezings, dan ferlieze we wer moannen.’’

 

<LC 12.10.21>