SNEEK | ‘De massale ferkeap fan goedkeape hierwenningen is de deastek foar de leefberens op it plattelân.’

FNP Súdwest-Fryslân ferset him bot tsjin grutte wenningboukorporaasjes dy’t it plattelân de rêch takeare.
De nije Wenfyzje fan de gemeente moat de negative beweging fan korporaasjes keare. De massale ferkeap fan goedkeape hierwenningen
en in boustop binne de deastek foar de leefberens op it plattelân. Dat zegt Jelle Gerbrandy, FNP-riedslid Súdwest-Fryslân

Ek it saneamde ‘passend toewijzen’ pakt ferkeard út. Benammen de jongerein is de dupe. Sa skriuwt Elkien: ,,Wy lûke ús werom út de lytse kearnen en konsintrearje ús yn de gruttere plakken.” Súdwest-Fryslân telt 1 jannewaris lokal 2018 mar leafst 83 doarpen en 6
stêden. As de korporaasjes net mear op it plattelân ynvestearje, is dat funest foar ynwenners dy’t graach yn it eigen plak wenjen
bliuwe. Moatte de beakens ferset wurde? As korporaasjes de doarpen gjin betelbere wenningen gunne, is it dan net heech tiid foar lokale
lytsskalige inisjativen? Yn Wûns, Easterlittens, Easthim en Jirnsum binne al lokale plannen mei súkses realisearre. De FNP stipet sokke
inisjativen fan herte.

Wêrom soenen lokale oannimmers gjin wenningen fan de korporaasje oernimme kinne? Dizze lokale oannimmers eksploitearje en beheare
dan de betelbere hierwenten. Se kinne flot skeakelje, mei koarte linen wurkje, skerp oan de wyn sile en hawwe minder management en
kosten. Op dizze wize moat it dochs mooglik wêze om op it plattelân betelbere en duorsume hierwenningen te hâlden, wêr’t ek noch it
lokale midden- en lytsbedriuw baat by hat. De nije Wenfyzje is aanst liedend en wurdt in súkses salang der nei aard en skaal tocht en hannele wurdt.